Ids van der Ende partij 24 augustus

By de welpen waard keatst mei in ôffal ronde en bij de pupille/skoaljeugd waard poultsje keatst. By de welpen gong de earste priis nei Jennie Terpstra en Janna Fopma, de twadde wie foar Amarins de Groot en Jelle Terpstra en de tredde priis wie foar Hendrik Jan Bonsma en Haije Bonsma. Bij de pupillen en skoaljeugd wie de krâns foar Jan van der Meer en Jente Wieberen Muller, de preemje wie hjir foar Geart Reitsma en Reinder Bonekamp. Middeis waard keatst yn twa klassen. By de A’s wie de krâns foar Jan Geart Nutma en Jasper Visser en de twadde foar Ids van der Ende en Gosse van der Ende. Yn de B klasse waard de earste wûn troch Elaine Reitsema, Lysbeth van der Ende en Durk Monsma, de twadde wie hjir foar Albert Reitsema, Anna Brecht Bruinsma en Menno Bonekamp en de tredde wie foar Jelle Anema, Hedwich Stienstra en Sybren van der Meer. By de senioaren wienen de wer prachtige pakketten mei ierdewurk en lekkernijen.

Geplaatst op 24 August 2008